Promoasje (marketing)

Promoasje is yn it ramt fan marketing eltse foarm fan kommunikaasje (d.w.s. reklame) dy't brûkt wurdt om 'e doelgroep foar in beskaat produkt of in beskate tsjinst oer te heljen om dat produkt te keapjen of fan dy tsjinst gebrûk te meitsjen. Sadwaande is promoasje ornaris mear rjochte op oertsjûging as op ynformearring, hoewol't it beide eleminten befetsje kin. It earste doel fan promoasje is om klanten bekend te meitsjen mei it produkt of de tsjinst of alteast de namme dêrfan. Dêrfoar wurdt faak spile op emoasje, sadat de doelgroep him bewust wurdt fan it bestean fan it produkt of de tsjinst en der belangstelling foar kriget. Letter, nei't in klant it produkt al kocht hat of fan 'e tsjinst gebrûk makke hat, besiket men mei promoasje merktrou te kreëarjen, sadat besteande klanten net oerstappe nei in oar merk. Promoasje is ien fan 'e fjouwer P's, de basiseleminten fan marketing: produkt, priis, plak en promoasje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Developed by StudentB